Autobedriuw Wester | Lollum

Autobedriuw Wester stiet foar in saakkundige en persoanlike tsjinstferliening. Us garage is festige yn in pleats (stjelp), ieuwen – âld yn Lollum, sintraal tusken Frjentsjer en Boalsert. Wy helpe ús klanten mei ûnderhâld, reparaasjes en it reparearjen fan skea fan harren auto.. By ús kinne jo telâne foar hast elts probleem mei jo reau. Wy harkje nei jo winsken en tinke graach mei jo mei. Us doel is dat jo tefreden ús garage útride.

Mear as 29 jier ûnderfining yn ‘e automotive – branche

It is al wer 29 jier ferlyn dat Aurobedriuw Wester troch Hendrik Wester, dy’t spitigernôch in goed jier nei de oprjochting troch in needlottich ûnfal omkaam is, út ein setten is. Broer Jacob Wester besleat de garage te kontinuearjen, yn ‘e mande mei de yn tsjinst wêzende monteurs, dy’t mei in protte nocht en wille wurkje oan jo reau.

Wy binne ek spesialisearre yn ‘e elektroanika dêr’t de generaasje auto ’s fan hjoed – de – dei mei útrist is. Hawwe jo in technyske steuring, dan losse wy dit foar jo op.

Wurkgebied

Us garage is fêstige yn Lollum, in lyts doarpke yn Súdwest Fryslân. Hoewol’t ús serviceferliening net oan in bepaald gebied ferbûn is, komme ús klanten benammen út:

  • Arum
  • Wytmarsum
  • Wommels
  • Tzum
  • Achlum
  • Boalsert
  • Frjentsjer
  • en alle lytsere omlizzende doarpen

Keaurmerken

Wy hâlde fan in dúdlike oanpak. En dêrom brûke wy de tellerstân – registraasje. Ek binne wy in RDW – erkende garage.

Share on FacebookTweet about this on TwitterShare on LinkedInShare on Google+Email this to someone